Volksforum.com

Volksforum.com (https://www.volksforum.com/forum/index.php)
-   Off Topic (https://www.volksforum.com/forum/forumdisplay.php?f=39)
-   -   De Fryske thread, noflik Frysk eamelje! (https://www.volksforum.com/forum/showthread.php?t=6050)

Alberto 28-02-2012 18:00

Quote:
Originally Posted by Zeend
@Alberto, de Friezen wiene drok mei reedride tinkt my ;)

Ik think it ek Jens :D

Ebut 28-02-2012 18:34

Wat is der mei myn Fries jong :D

Richard 28-02-2012 18:35

Lft

Ebut 28-02-2012 18:40

Quote:
Originally Posted by Alberto
dit topic mat even een oare namme ha . Ebut's tour topic of sa :D
fergees spielje en it bier for een euro . kreas hjer


Ja, we ha noch in stik of wat op it programma!

3 maart Tjerkwerd
9 maart heale finale Liet 2012 yn Iduna, Drachten
30 maart Kleine Prijs van Fryslan [ik had dy titel net betocht], It Badhus yn De Westereen
27 april live op Radio Middelse, fanut Stiens
En ergens yn juny stean we yn Amsweer, Grins.

Giet de goede kant op!

3 maart wurd wol drok. Moarns betiid nei Deurningen, op'e midje werom om te spyljen, nachts wer nei Frans om te sliepen en dan sneins wer betiid foar de meeting.
Marja, alles foar de rock 'n roll! :rock:

Dokter D 29-02-2012 22:02

Quote:
Originally Posted by Ebut
No sa! Us klip is klear :rock:

http://vimeo.com/19614882


Machtig mooi stikje musyk!
De klip stekt ek mooi ynmekoar, iets om grutsk op te wêzen!

Alberto 29-02-2012 22:41

Quote:
Originally Posted by Ebut
3 maart wurd wol drok. Moarns betiid nei Deurningen, op'e midje werom om te spyljen, nachts wer nei Frans om te sliepen en dan sneins wer betiid foar de meeting.
Marja, alles foar de rock 'n roll! :rock:

do bist net wies , gewoanthus bljiuwe en by it spieljen wei nei deurningen gean ...

Ebut 03-03-2012 00:46

Quote:
Originally Posted by Dokter D
Machtig mooi stikje musyk!
De klip stekt ek mooi ynmekoar, iets om grutsk op te wêzen!

Bedankt dude!

En wy binne der bot wiis mei inderdaad!

Ebut 03-03-2012 00:46

Quote:
Originally Posted by Alberto
do bist net wies , gewoanthus bljiuwe en by it spieljen wei nei deurningen gean ...

Ja, sa komt it no ek. Hoop dat ik der wat op tiid bin... mar sil wol wer nei 12'en wurde.

Alberto 03-03-2012 08:48

Quote:
Originally Posted by Ebut
Ja, sa komt it no ek. Hoop dat ik der wat op tiid bin... mar sil wol wer nei 12'en wurde.


better hjer , oals jo d'r moarn moanne d'r mar binne mei it moarns brochje
:D
Nimst dot cassette dwaske even mei ? :thumbup:

Ebut 03-03-2012 10:02

Ja, dan bin ik der seker! Hoop dat ik op tiid bin foar it ynchecken!

En dat doaske nim ik seker even mei :thumbup:

Zeend 05-07-2012 11:34

Efkes in wichtich berjocht kopieard fan www.redfrysk.nl:

Quote:
De stúdzje Fryske Taal en Kultuer sit yn swier waar. Troch de werstrukturearrings oan de RUG driget it Frysk yn de brede oplieding Europeeske Talen en Kultueren (ETC) noch mar 0,9 fte (dat is noch mar hast ien folsleine baan) oer te hâlden. Dat is fiersten te min om in goede wittenskiplike oplieding garandearje te kinnen en om sichtber te bliuwen foar takomstige studinten. Yn dizze konstruksje sil de stúdzje net lang mear oerlibje en sil in stille dea stjerre.

It Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân krigen rjochten en dat jildt ek foar de universitêre stúdzje Frysk. De ôfspraken en ferdraggen dit oangeande kinne allinnich mar rjocht dien wurde as de stúdzje Frysk in selsstannige BA/MA-oplieding bliuwt mei genôch personiel om libbensfetber te wêzen. Sa net, dan sil ek in wichtige ympuls foar de Fryske taal en it Fryske kultuerele libben ferdwine. Dat bestjut net allinne ferlies fan status (dy’t foar in minderheidstaal o sa belangryk is), mar ek dat der yn de takomst gjin wittenskippers, skriuwers, dosinten ensfh. mear ôflevere wurde.

Wy dogge der alles oan om de ein fan de stúdzje foar te kommen, mar dat kinne wy net allinne. Wy sykje sa folle mooglik minsken dy’t harren stim hearre litte wolle en derom freegje wy: tekenje de petysje op www.redfrysk.nl

It is wichtich dat safolle mooglik minsken de petysje tekenje. Wat mear minsken ús stypje wat mear kâns der is dat de polityk en it bestjoer fan de RUG harren betinke. Wy biede de hantekens oan as der mear as 25.000 minsken tekene ha. Dan sette wy ôf nei Den Haach en jouwe it oan de Twadde Keamer en de steatssekretaris. Mar wy sille de petysje ek oanbiede oan it kolleeezje fan bestjoer fan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Om te berikken dat der safolle mooglik minsken tekenje freegje wy as eltsenien in berjocht pleatse wol op Facebook, Hyves en Twitter.

Ebut 05-07-2012 13:18

Allang even tekene fansels!

ewcaddymk1 11-07-2012 07:56

ha'k ek mar efkes dyn. lytse moeite no ;)

Dokter D 25-08-2012 08:09

Tis mar nûver stil hjir iene Fryske regionen fan t forum.
Bart dr nog wot monnen as ist komkommertiid?

ewcaddymk1 21-10-2012 08:27

ferdikkemme wot een mooi feesje
 
juster efkes nei een geweldig feestje west ,t' hunekopfestival yn dokkum
minsken minsken minsken wot wy t der gessellig en Emil hat dermei de primeur dit jonkje hat mear as 6 jir fan t bier ow west m ar koe t net litte mei t sweerke der yn de tinte en der komt nog by dot ik hielendol gjin stim meer haw
dus dit jonkje hat pynne yne kop ,lest fan de strot, stjonkende klean ,
en spiirpynne dus monnen van de hunekop :thumbup: tige bedankt :D

Ebut 21-10-2012 10:37

Hat in moai feest west dus! :D

ewcaddymk1 21-10-2012 11:06

Quote:
Originally Posted by Ebut
Hat in moai feest west dus! :D

sekers , :thumbup:

ewcaddymk1 21-10-2012 19:07

binne hjir nog meer forumers ny dit bjusterbaarlek barren west ;)

Ebut 21-10-2012 19:10

Ik soe earst al, mar is der net fan kommen. Dat soart dingen kinne op it stuit even net echt út.

Ibibi 21-10-2012 19:21

Ik hoedde net hinne, koe et fanow de strjitte wol jerre... (de wien stie sekers de goeie kant ut) :-)


All times are GMT +1. The time now is 12:19.

Powered by vBulletin
Copyright ©2000 - 2025, Jelsoft Enterprises Ltd.