View Single Post
  #60  
Old 24-11-2004, 19:26
Mister Cool's Avatar
Mister Cool Mister Cool is offline
Volksforum Draaideur Donateur
 
Join Date: Nov 2004
Posts: 5,083
Send a message via MSN to Mister Cool
Default

Jim ferrekte Hollanders ek te seuren, lit ús no ek ris moai gewurde, Hollânsk prate is ol moeilik genoach foar ús mannen. Wiene we mar werom ien de tiid, werom nei hiel lang ferliene, ien de tiid dat Grutte Pier jir nog omstrúne. Dat wiene nog ris moaie tiiden, die Grutte Pier hie jimme Hollâners skrieme litten! Grutte Pier liet de minsken bûter, brea en griine tsiis sisse, koene de minsken disse wurden net útsprekke, dan stuts hy se read! Dat wie pas in fint!

Mar genoach oer Grutte Pier bêste minsken, omt in oanpak as die fan Grutte Pier ien de wrâld fan hjoed de dei, mei ol syn argewaasje en problematyk net mear fan 'e tiid is. Dochs woe ik graag efkes sisse dat jim Hollâners better bliid mei ús wêse kenne, omt wie Frysen it ienige ferstân fan Nederlân hawwe, en dermei dus de Nederlânske intelliginsje heeg hâlde matte, wie kreie sels fan hûs út in 2-talige opfieding. Mochten wie Frysen it dus noadich fiene om mei jim te communisearen, dan joue wie dit sels wol oan. Frysk is in taal, sa os ek ien it Wetboek stiet. Dus os jim der oer eamelje wolle ken jimme jim better efkes stil hâlde.

Ik tink dat it ferhaal no ol in bytsje triederig wurd, mar te moeiliker sil it foar de Hollâners wêse om it te ûntsyferjen.
Ik woe fan disse gelegenhiid nog ol efkes gebrûk meitsje om mei sels efkes foar te stellen. Ik bin jir krekt nei, en bin famylje fan JeeWee. Dit mat mear os genoach sisse tocht ik sa.

Mar ik haw earst genoach stof ta neitinken en wurkjen te plak setten foar úse Hollânske maten. Foar olle Frysen, minsken, nog in noflike jûn tawinske!

Tabee,
Marco
Reply With Quote